Fan Binnenút, spesjal selsdeading #2

"Ik fielde my sa waardeloos"

Yn dizze podcastspesjal oer selsdeading komme yn trije ôfleveringen de neibesteande, de erfaringsaakkundige en psychiater oan it wurd. Diel 2, erfaringssaakkundige Jan Kuipers.

Hy rekke syn baan kwyt en sakke almar fierder fuort. Foar syn opname wie er al ferskate kearen nei it spoar riden, hie er nei in flat west en oan it wetter stien. Hy waard opnommen. Doe is him ien fraach steld dy't him holpen hat. Jan is bliid dat er hjir noch is, want hy fynt dat it libben doel hat. Ek al is it net altyd like maklik. En fynt er it wier wol dreech om wer op te stean. Mar de gedachte dat hy as erfaringssaakkundige no foar oare minsken fan wearde wêze kin, helpt him.

Fan binnenút Podcast

Yn de podcast fan 'Fan binnenut' dit keer in spesjal fan trije. Oer selsdeading. De neibesteande, de ervaringsdeskundige en de psychiater komme oan it wurd. De podcast heart by de tredde tv-searje. Programmamakker Miranda Werkman praat yn searje twa mei meiwurkers fan de organisaasjes dêr't sy yn de tv-searje by efter de doarren sjocht: jeugdbeskermers, gedrachswittenskippers, fertrouwensdokters en (yn de earste rige) helpferlieners fan de GGZ.
(Advertinsje)