Fan Binnenút, spesjal selsdeading #1

"Dit hiene we noait, noait tocht"

Yn in spesjal fan trije komme oan it wurd de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater. Yn diel 1 de neibesteande.

Njoggen jier ferlyn kaam it telefoantsje. Nei tolven. Sytske Jorritsma kriig doe te hearren dat har suske, Grytsje, harsels tekoart dien hie. Sytske rekket fuort yn shock. Foar elkenien komt it nijs ut de loft fallen. De syktocht nei antwurden begjint. Mar antwurden komme der net. It stik fertriet en gemis bliuwt.

Fan binnenút Podcast

Yn de podcast fan 'Fan binnenut' dit keer in spesjal fan trije. Oer selsdeading. De neibesteande, de ervaringsdeskundige en de psychiater komme oan it wurd. De podcast heart by de tredde tv-searje. Programmamakker Miranda Werkman praat yn searje twa mei meiwurkers fan de organisaasjes dêr't sy yn de tv-searje by efter de doarren sjocht: jeugdbeskermers, gedrachswittenskippers, fertrouwensdokters en (yn de earste rige) helpferlieners fan de GGZ.
(Advertinsje)