Fan binnenút: Mirjam de Groot

Mirjam de Groot is trajektbegelieder by it VIP-team (Vroegtijdige Interventie Psychoses). Wat is nedich om werom te kearen nei wurk, of better noch, om oan it wurk te bliuwen? Wat docht it mei dy ast út dyn deistige struktuer rekkest? En wat docht corona mei dy struktuer?

Fan binnenút Podcast

Yn 'Fan binnenut' praat programmamakker Miranda Werkman ien op ien mei helpferlieners fan de GGZ. Hoe sjogge sy nei de taname fan it tal meldings oer betize persoanen? Wat is der feroare yn har wurk, de maatskippij en it belied? Wêrom krijt de ien it wol en de oar net? En hoe kwetsber binne se sels?
(advertinsje)