Fan binnenút: Martje Yntema

It binne kleurrike types dêr't se mei wurket en dat fynt se prachtich. Martje Yntema giet foar har wurk as spesjalistysk ferpleechkundige by de GGZ in soad de strjitte op. De maatskippij is bêst yngewikkeld, en dus begrypt se hiel goed dat minsken fêst rinne. Ek sy kin nachts wol pikerje, hoe giet se dêr mei om?

Fan binnenút Podcast

Yn 'Fan binnenut' praat programmamakker Miranda Werkman ien op ien mei helpferlieners fan de GGZ. Hoe sjogge sy nei de taname fan it tal meldings oer betize persoanen? Wat is der feroare yn har wurk, de maatskippij en it belied? Wêrom krijt de ien it wol en de oar net? En hoe kwetsber binne se sels?
(advertinsje)