Fan binnenút fan 8 maart 2021 17:15

"Ik gean mei dizze mefrou mei"

Yn de earste ôflevering it ferhaal fan Damaron. Hy hat it Foetaal Alkohol Syndroom. Hy is mei in krisispleatsing út 'e hûs helle en fertelt dat it lang duorre foardat er syn plak fûn hie. Doe't er jeugdbeskermer Akkelien foar it earst seach, sei er direkt: "Ik gean mei dizze mefrou mei." Akkelien kin har dat momint noch goed tebinnenbringe. De grutte omkear yn it gedrach en tinken fan Damaron kaam doe't syn heit ferstoar. Yn syn lêste dagen frege heit oan Akkelien goed op syn jonkje te passen. Hiel bysûnder, want Akkelien wit ek noch goed hoe lilk heit yn it ferline oer de hiele situaasje west hat.

Fan binnenút

Yn dizze searje sjocht programmamakker Miranda Werkman efter de doarren fan organisaasjes dêr'tst net sa faak sjen kinst. Yn de earste rige wie dat by GGZ Friesland, yn de twadde rige stiet it wurk fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid sintraal.
Presintaasje: 
Miranda Werkman
(Advertinsje)