Fan binnenút fan 7 septimber 2020 17:15

It FACT- van Andelteam yn Dokkum biedt help yn de eigen omjouwing. Hiel belangryk foar Nynke (har echte namme is bekend by de redaksje). Sy hat ferskate kearen opnaam west omdat it libben har tefolle wie. Nei har lêste opname yn de traumaferwurkingsklinyk giet it in stik better. It team fan de GGZ no sa tichtby har jout har feilichheid. Dat is ek krekt wat de bedoeling is fan it Fact-team. De minsken safolle mooglik thús opsykje en help biede. Mar soarget dat no just net foar mear 'betize persoanen' op strjitte? Psychiater Ellen Swart tinkt fan net, se hat folle mear soargen oer de minsken dy't just net de doar út komme.

Der binne meardere FACT-teams yn de provinsje. It unike oan Dokkum is dat de âldereinsoarch (Van Andel) der sûnt koart ek by sit.

Makkest dy soargen om ien of hast sels help nedich? Nim dan kontakt op mei dyn húsdokter. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Fan binnenút

Yn dizze searje sjocht programmamakker Miranda Werkman wat der efter de doarren fan GGZ Friesland plakfynt.
(advertinsje)