Fan binnenút fan 5 oktober 2020 17:15

Je kinne psychiatryske problemen net oanpakke as minsken ek ferslave binne. En oarsom. Dus sitte yn it Flexible Assertive Community Treatment plus net allinne minsken fan de GGZ mar ek fan VNN. Verslavingszorg Noord Nederland.

Rick is ien fan de minsken dy't help krijt fan dit team. Net sa faak mear, want it giet yntusken in stik better mei him. Dat hat wol oars west. Achternei sjocht er ek wol dat de buert wol lêst fan him hân hat. Yn de perioades dat er manysk wie. Dat seach er doe net, mar no wol. It brûken fan drugs triggere de manyske perioades. Blowe die er al op jonge leeftiid. Gewoan om te probearjen, mar miskien ek wol om wat te ferdôvjen. Programmamakker Miranda Werkman sjocht by him thús en giet mei him nei de kringloopwinkel der't er no wurket. Hy fynt it prachtich, dat kontakt mei de minsken. It helpt him of fan de drugs of te bliuwen.
 

"Makkest dy soargen om ien of hast sels help nedich? Nim dan kontakt op mei dyn húsdokter. Sjoch hjir foar mear ynformaasje. : https://www.ggzfriesland.nl/direct-hulp-nodig

"Maak jij je zorgen om iemand of heb je zelf direct hulp nodig? Neem dan contact op met je huisarts. Kijk hier voor meer informatie. https://www.ggzfriesland.nl/direct-hulp-nodig

Fan binnenút

Yn dizze searje sjocht programmamakker Miranda Werkman efter de doarren fan organisaasjes dêr'tst net sa faak sjen kinst. Yn de earste rige wie dat by GGZ Friesland, yn de twadde rige stiet it wurk fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid sintraal.
Presintaasje: 
Miranda Werkman
(Advertinsje)