Fan binnenút fan 31 augustus 2020 17:15

Yn dizze earste ôflevering sjogge we yn Frjentsjer. Programmamakker Miranda Werkman komt fan Frjentsjer en hat yn har eineksamentiid skjinmakke yn de GGZ. Se prate in soad mei de pasjinten doe en dat fassinearre har. Yntusken binne we 20 jier fierder en is der fan alles feroare. Wa binne de pasjinten fan no? Hoe is it wurk fan de helpferlieners feroare?

Op de High Intensive Care klinyk dy't der no sit, moetet se Bram. Bram moast mei in twangbefel fan de boargemaster opnaam wurde. Hy hat in skoft op de sletten ôfdieling sitten. Dat fûn er net leuk, mar it wie wol nedich. Hy fertelt hoe't it safier kaam is en hoe't it no mei him giet. Miranda sjocht ek op de EBV, de 'ekstra befeilige keamer'. Eartiids de isolearsel, mar hjoed-de-dei wurket dat hiel oars.

"Makkest dy soargen om ien of hast sels help nedich? Nim dan kontakt op mei dyn húsdokter. Sjoch hjir foar mear ynformaasje." : https://www.ggzfriesland.nl/direct-hulp-nodig

"Maak jij je zorgen om iemand of heb je zelf direct hulp nodig? Neem dan contact op met je huisarts. Kijk hier voor meer informatie." https://www.ggzfriesland.nl/direct-hulp-nodig

Fan binnenút

Yn dizze searje sjocht programmamakker Miranda Werkman efter de doarren fan organisaasjes dêr'tst net sa faak sjen kinst. Yn de earste rige wie dat by GGZ Friesland, yn de twadde rige stiet it wurk fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid sintraal.
Presintaasje: 
Miranda Werkman
(Advertinsje)