Fan binnenút fan 28 septimber 2020 17:15

De psychyske helpfraach ûnder jongeren nimt ta. Dat sjogge se ek yn Diaconessenpark yn Ljouwert. Hjir wurde jongeren begelaat en krije se help sadat se letter selsstannich wenje kinne. Rianna wennet hjir en fertelt har ferhaal. Se wol net werkenber yn byld want se wol letter noch graach oan it wurk en is benaud foar de foaroardielen fan wurkjouwers.

Programmamakker Miranda Werkman rint mei har mei nei skoalle, sjocht mei as se mei begelieder Tejo oan it itenmeitsjen is en praat mei har op har eigen keamer. Oer wat se miskien wol mist hat yn har jeugd, hoe dreech it is om kontakt te meitsjen ek al kinne je online altyd en oeral mei elkenien kontakt hawwe en dat se gau hiel lilk wurdt om mar net sjen te litten dat se miskien wol fertrietlik is.

"Makkest dy soargen om ien of hast sels help nedich? Nim dan kontakt op mei dyn húsdokter. Sjoch hjir foar mear ynformaasje. : https://www.ggzfriesland.nl/direct-hulp-nodig

"Maak jij je zorgen om iemand of heb je zelf direct hulp nodig? Neem dan contact op met je huisarts. Kijk hier voor meer informatie. https://www.ggzfriesland.nl/direct-hulp-nodig

Fan binnenút

Yn dizze searje sjocht programmamakker Miranda Werkman efter de doarren fan organisaasjes dêr'tst net sa faak sjen kinst. Yn de earste rige wie dat by GGZ Friesland, yn de twadde rige stiet it wurk fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid sintraal.
Presintaasje: 
Miranda Werkman
(Advertinsje)