Fan binnenút fan 22 maart 2021 17:15

"Mem sleutel mei?"

Yn dizze ôflevering docht Isabella har ferhaal. Isabella is 18 jier, en fertelt dat se it leafst by har eigen mem grut wurden wie. Dochs begrypt se sels hiel goed wêrom't dat net koe: de rollen wiene omdraaid. Fan it momint dat Isabella út hûs pleatst waard, binne opnamen makke. Tegearre mei har jeugdbeskermer Ria sjocht Isabella, letterlik en figuerlik, werom op dat momint. Hoe wie dat foar har?

Prate oer wat der te sjen wie dizze ôflevering fan 'Fan binnenút', of help nedich? jeugdengezinsbeschermingfriesland.nl/veelgestelde-vragen/

Fan binnenút

Programmamakker Miranda Werkman sjocht yn dizze tredde searje ‘Fan binnenút’ fierder efter de doarren fan de GGZ.
Presintaasje: 
Miranda Werkman
(Advertinsje)