Fan binnenút fan 21 septimber 2020 17:15

Iepen en earlik fertelt Rob syn ferhaal. Oer dat er net fierder woe mei syn libben. It sei him neat mear; syn bern, de pakesizzers. It krisisteam komt by him thús en regelet dat er help krijt. Hy hoecht net opnommen te wurden; hy krijt IHT, intensive home treatment. Koarte en yntinse help. Alle dagen giet er nei Ljouwert. As er jûns thúskomt, kin er it allegear achter him litte en yn syn eigen bêd sliepe. It hat him enoarm holpen. Oars hie er der neat mear west, fertelt hy oan programma makker Miranda Werkman. It is in lanlike trend. Minsken wurde hieltyd minder gau opnommen omdat der in ôfbou fan bêden is. Is dat in besuniging of in oare foarm fan help biede?

Tinkst wolris oan selsmoard? Praat hjir oer mei ien en nim kontakt op mei 113 zelfmoordpreventie 0800 0113 of sjoch op de webside.
Denk jij wel eens aan zelfmoord? Praat erover en neem contact op met 113 zelfmoordpreventie 0800 0113 of kijk op de website.
https://www.113.nl/professionals-en-organisaties/fryslan-sunder-selsmoard

Fan binnenút

Yn dizze searje sjocht programmamakker Miranda Werkman wat der efter de doarren fan GGZ Friesland plakfynt.
(advertinsje)