Fan binnenút fan 14 septimber 2020 17:15

Hoe dreech is it om nei de behanneling wer werom te kommen yn de maatskippij? Mind Up helpt dêrby. It biedt deibesteging en begelaat wenjen troch de hiele provinsje.

Erwin is ien fan de minsken dy't by Mind Up wurket oan syn herstel. Yn dizze 'Fan Binnenut' docht hy syn ferhaal. Hy is eks-militêr en hat hiel wat ellinde oprûn yn syn holle. No't er weromsjocht, is dat al yn syn jonge jierren begûn. Syn tiid yn Joegoslavie hat it der net better op makke. Tweintich jier letter sjocht hy in tv-ynterview fan in militêr mei PTSS (post traumatische stress stoornis) en ynienen falt it kwartsje. Under begelieding fan ûnder oare Gerard Schram leart er om te gean mei syn lilkens. It wurkjen mei syn hannen helpt derby. Troch de struktuer fan deibesteging kinne minsken behoeden wurde foar in psychiatryske karriêre, seit Gerard Schram. Wylst Erwin it foarsichtich oandoart om te dreamen fan in takomst as miskien wol meubelmakker.

"Makkest dy soargen om ien of hast sels help nedich? Nim dan kontakt op mei dyn húsdokter. Sjoch hjir foar mear ynformaasje."  : https://www.ggzfriesland.nl/direct-hulp-nodig

"Maak jij je zorgen om iemand of heb je zelf direct hulp nodig? Neem dan contact op met je huisarts. Kijk hier voor meer informatie." https://www.ggzfriesland.nl/direct-hulp-nodig

Fan binnenút

Yn dizze searje sjocht programmamakker Miranda Werkman wat der efter de doarren fan GGZ Friesland plakfynt.
(advertinsje)