Fan Binnenút: De gefolgen fan bernemishanneling op lange termyn

Jenny de Leeuw is fertrouwensarts by Veilig Thuis. Se fertelt wat der yn it brein en it liif gebeurt by bern dy't mishannele binne. En ek hoe't je der wer op posityf ynfloed op hawwe kinne. Femke Boersma is GZ psycholooch en orthopedagooch. Sy fertelt oer it gedrach fan traumatiseerde bern en hoe't je skea herstelle kinne. Beide fine dat je net betiid genôch begjinne kinne yn it foarkommen fan trauma. It leafst noch foar de swangerskip.

Fan binnenút Podcast

Yn de podcast fan 'Fan binnenut' praat programmamakker Miranda Werkman mei meiwurkers fan de organisaasjes dêr't sy yn de tv-searje by efter de doarren sjocht: jeugdbeskermers, gedrachswittenskippers, fertrouwensdokters en (yn de earste rige) helpferlieners fan de GGZ.
(Advertinsje)