Faderpaard fan 21 april 2014 18:15

‘In oade oan it Fryske hynder’ wurdt it neamd, it muzykteaterspektakel Faderpaard. Dat bysûndere teaterstik mei mear as hûndert Fryske hynders fûn yn jannewaris fan dit jier plak yn it ramt fan it 135-jierige jubileum fan ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’. Faderpaard is op peaskemoandei 21 april yn syn gehiel te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.
It muzykteaterstik Faderpaard is ynspirearre op it gedicht ‘It Faderpaard’ fan dichter Tsjêbbe Hettinga. Yn it stik fan regisseur Jos Thie komme hynders, muzyk, teater en poëzy byelkoar. Thie hat der in ôfwikseljende show fan makke troch te spyljen mei tradisjonele hynstesportûnderdielen yn kombinaasje mei poëzy en muzyk. Oan it muzykteaterspektakel wurken mear as hûndert akteurs en musisy mei, wêrûnder Nynke Laverman, Gerrit Breteler, Brigitte Kaandorp en Théatre du Centaure.
De registraasje fan Faderpaard duorret oardel oere en wurdt útstjoerd op peaskemoandei, 21 april, fan 18:15 oere ôf op Omrop Fryslân Televyzje. Dêrnei is it nochris te sjen om 20:15 oere, 22:15 oere en fierder de hiele nacht.

Diel dit berjocht op:

Faderpaard

Yn it ramt fan it 135-jierrich jubileum fan it Frysk Hynstestamboek wie der yn jannewaris 2014 in bysûnder muzykteaterspektakel: Faderpaard. Oan de produksje dienen 100 Fryske hynders en 100 akteurs/musisy en ruters mei. Under oaren Nynke Laverman, Gerrit Breteler en Brigitte Kaandorp wurken oan de show mei. Omrop Fryslân hat der doe opnamen fan makke. De registraasje fan 1,5 oere wurdt moandei 28 maart nochris útstjoerd fan 18.15 oere ôf. Dêrnei nochris te sjen om 20.15 oere, 22.15 oere en fierder de hiele nacht.
(advertinsje)