Dûbeld libben fan 24 febrewaris 2014 17:32

Studint en hurdfytser.

Melissa studearret Technyske Bedriuwskunde op de NHL Hegeskoalle. Mar neist har stúdzje stekt se in protte tiid yn trainingen op de racefyts. Sy ambieart in karriêre as hurdfytster, mar hoe komt it dan mei de stúdzje?

Dûbeld libben

Yn it televyzje-programma 'Dûbeld Libben' stean in oantal NHL studinten sintraal. Dizze studinten wurde folge omdat sy neist it studearjen noch in oar libben hawwe. Dit dûbeld libben makket it deistich libben fan dizze studinten oars as dat fan de oare studinten.
(advertinsje)