Dûbeld libben fan 17 maart 2014 17:32

    Studint en Undernimmer.

    Wesley folget de oplieding Communication Design op de NHL Hegeskoalle. De Amelanner kombineart syn stúdzje mei syn eigen bedriuw. Hoe hâldt hy syn aginda op oarder?

    Dûbeld libben

    Yn it televyzje-programma 'Dûbeld Libben' stean in oantal NHL studinten sintraal. Dizze studinten wurde folge omdat sy neist it studearjen noch in oar libben hawwe. Dit dûbeld libben makket it deistich libben fan dizze studinten oars as dat fan de oare studinten.
    (advertinsje)