Dûbeld libben fan 17 febrewaris 2014 17:32

Studint en mem.
Mallory docht de oplieding PABO op de NHL Hegeskoalle. De oansteande juf hat neist har stúdzje noch de soarch foar har twa jier âlde dochter. Hoe kombineart se har stúdzje en it mem-wêzen?

Dûbeld libben

Yn it televyzje-programma 'Dûbeld Libben' stean in oantal NHL studinten sintraal. Dizze studinten wurde folge omdat sy neist it studearjen noch in oar libben hawwe. Dit dûbeld libben makket it deistich libben fan dizze studinten oars as dat fan de oare studinten.
(advertinsje)