Dûbeld libben fan 10 maart 2014 17:32

    Studint en Taekwondoka

    Samira blinkt út yn taekwondo. Sy is de nûmer trije fan de wrâld yn har dissipline en klasse. Kin sy har sport kombinearre mei de oplieding European Studies op de NHL Hegeskoalle?

    Dûbeld libben

    Yn it televyzje-programma 'Dûbeld Libben' stean in oantal NHL studinten sintraal. Dizze studinten wurde folge omdat sy neist it studearjen noch in oar libben hawwe. Dit dûbeld libben makket it deistich libben fan dizze studinten oars as dat fan de oare studinten.
    (advertinsje)