Domela Nieuwenhuis, ús ferlosser

'Us Ferlosser' is moandei eksakt 100 jier lyn ferstoarn. Dat wie de bynamme fan dûmny Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919), de romrofte sosjalistyske en letter anargistyske foarman. Fan ein jierren 1870 ôf besocht Domela as ien fan de earsten mear rjochten foar arbeiders foarinoar te krijen. Yn ús provinsje krige hy in grutte oanhing. Dit jier binne der ferskate aktiviteiten om Domela te betinken en syn gedachteguod yn eare te hâlden. Yn Buro de Vries komme fjouwer gasten oan bar, dy't elts in bân mei de man hawwe, op útinoar rinnende wizen.

Yn dizze Podcast Hystoarikus Johan Frieswijk en Meindert Talma, hy makke in muzikaal libbensferhaal oer Domela.

Buro de Vries (Podcast)

In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.
(advertinsje)