Doch it foar dyn doarp fan 2012-07-07T18:30:00

De Gordyk is sneontejûn útroppen ta winner fan Doch It Foar Dyn Doarp. Ald- en Nijhoarne waard twadde en Nij Beets helle it tredde plak. De priis foar it bêste talint gie nei twa rappers fan Boerum. Sneon wie de grutte finale fan Doch It Foar Dyn Doarp yn Hantum, it lêste doarp yn de rige.

Yn totaal diene der 14 doarpen mei oan it programma. De doarpen makken elk in wike lang in healoere live televyzje. De Gordyk krijt 7500 euro foar it winnen fan Doch It Foar Dyn Doarp, de oare doarpen krije 5000 en 2500 euro. It prizejild is beskikber steld troch it Oranje Fûnss. Doch It Foar Dyn Doarp waard dit jier foar de twadde kear organisearre. Takom jier komt der in tredde edysje. Dêrfoar kinne doarpen har opjaan by Omrop Fryslân.

Share this page on:
Doch it foar dyn doarp

Doch it foar dyn doarp

Yn 2012 joech Omrop Fryslân yn de maaitiid en simmer in wike lang in heal oere deis rjochtstreekse televyzje oan 14 doarpen.
(advertinsje)