Deadebetinking Ljouwert fan 4 maaie 2016 20:00

Woansdei 4 maaie en tongersdei 5 maaie stiet Nederlân stil by de oarloch fan 71 jier lyn. Betinke dogge wy op woansdei 4 maaie mei de Deadebetinking yn de Prinsetún, op radio en telefyzje wurdt dêr streekrjocht ferslach fan dien.

De Deadebetinking op woansdei 4 maaie yn Ljouwert begjint om 19.30 oere. Yn de oanrin nei de betinking stjoert Omrop Fryslân Radio fan 19.00 oere ôf in programma mei oanpaste muzyk út.

Om 19.30 oere skeakelje radio en telefyzje live oer nei de Prinsetún. De presintaasje dêr leit yn hannen fan Omrop Fryslân presintator Eric Ennema. Foarôfgeand oan de betinking hâldt hy ynterviews mei ambassadeur fan de frijheid Piter Wilkens, in yn Ljouwert opfongen flechtling en in Kanadeeske âld-feteraan.

20:25 - John Lennon - Imagine
20:28 - Chieftains & O'conner - The Foggy Dew
Diel dit berjocht op:

Deadebetinking Ljouwert

Yn de oanrin nei de betinking stjoert Omrop Fryslân Radio fan 19.00 oere ôf in programma mei oanpaste muzyk út. Om 20.00 oere live op de radio de betinking út de Prinsetún wei.
    Radio iconUtstjoering: Woansdei 4 maaie fan 19:30 oere ôf
(advertinsje)