Deadebetinking Ljouwert fan 4 maaie 2014 19:30

    Deadebetinking by Omrop Fryslân radio en TV

    De deadebetinking op snein 4 maaie is fan 19:30 oere ôf live te folgjen op radio, televyzje en ynternet. Brassband Hosannah, sjongeres Iris Kroes en dichteres Fardau Visser sille dit jier harren meiwurking ferliene oan de deadebetinking. Fêste ûnderdielen binne de taspraak fan Boargemaster Ferd Crone en de krânslizzing.

    Deadebetinking

    Yn de oanrin nei de betinking stjoert Omrop Fryslân Radio fan 19.00 oere ôf in programma mei oanpaste muzyk út. Om 19.55 oere skeakelje radio en telefyzje live oer nei de Nasjonale Betinking yn Amsterdam.
    (advertinsje)