De Witte Swaen fan 4 jannewaris 2021 17:15

Diel 1: Tûk en fluch, de boumetoade

Gerald de Weerdt die jierrenlang ûndersyk nei de skipsbou yn de 16de en 17de iuw. Hy is fassinearre troch de tûke Hollânske boumetoade, dy' t soarge foar de grutte bloei fan de Hollânske skipfeart yn de Gouden Iuw. Gerald fertelt oer dit ûndersyk oan de hân fan skipswrakken, fûn yn de Noardeastpolder en yn de Waadsee.

Ut dat ûndersyk en in publikaasje fan Nikolaas Witsen út de 17de iuw is yn teory dúdlik wurden wat de bouwize fan de skippen wie. De iennichste manier om de teory te testen is troch it sels te dwaan, troch sels in skip te bouwen. En ast dan in skip kieze moast, wêrom dan net in ferneamd skip : it skip fan Willem Barentsz .

De Witte Swaen

Searje oer de bou fan it skip De Witte Swaen yn Harns
(Advertinsje)