De Witte Swaen fan 25 jannewaris 2021 17:15

Diel 3: Rûn en rjocht, de mêsten

Nico Huisman hat wat mei hout. Hy bout fioelen en hat eartiids foar syn eigen seeskou de A- peallen en swurden makke. De mêsten foar De Witte Swaen meitsje, wie foar him in hele útdaging. Hy lei der wekker fan, mar doe't de earste slagge wie, krige er der wol fertrouwen yn. Troch corona wurket er ek thús. Yn syn eigen wurkplak skaaft en filet er oan in grut kardeelblok. Hy fynt it moai om fan in blok hout wat te meitsjen dat wurket. Boumaster Gerald de Weerdt fynt de suksesfolle Hollânske boumetoade út de 16de iuw net allinne technysk tige ynteressant, mar ek de wize hoe't de Hollanners oparbeiden wie bysûnder.

Skipsbouwers kamen nei Nederlân om te sjen hoe't it hjir gie, mar it slagge har net om nei weromkommen yn eigen lân, dizze boumetoade ta te passen. Hollanners wiene wend selsstannich te wurkjen en sels besluten te nimmen, wylst yn it bûtenlân de ferhâldingen in soad hiërargysker wiene. De wat anargistyske manier fan wurkjen wurke yn Nederlân, mar yn it bûtenlân net.

De Witte Swaen

Searje oer de bou fan it skip De Witte Swaen yn Harns
(Advertinsje)