De Witte Swaen fan 1 febrewaris 2021 17:15

Diel 4: Nulle en tried, de seilen

Ineke van Santen is mantelsoarger en is bliid dat sy ien kear yn 'e wike oan it wurk kin op de werf. Sy is der dan even út. Fia in timmerkursus foar froulju kaam se op 'e Barentszwerf telâne. Sy is gek op 'âld guod'. En hat bewûndering foar de manlju yn de 16de iuw, dy't sûnder te witten oft se wol wer werom komme soene, dochs binne se nei ûnbekende plakken. Sy leart op de Bataviawerf yn Lelystêd fan tradisjoneel seilmakker Anne Willem Bosma, hoe't sy seilen naaie moat. Mei tried en nulle, echt hânwurk. Yn mande mei de oare seilmakkers hat sy 'stjonkend har bêst dien' om moaie seilen te pakken te krijen. No't se ree binne om mei te silen en De Witte Swaen der fierder mei op te ticheljen, nimme de coronabesmettingen wer ta en wurdt it wurk op de werf stillein.

De Witte Swaen

Searje oer de bou fan it skip De Witte Swaen yn Harns
(Advertinsje)