De Wiko's fan 30 juny 2014 18:30

In soad bekende Fryske artysten dienen mei oan dit ôfskiedskonsert. Njonken De Wiko’s sels mei Kobus Algra en drummer Sybe Krol, diene ek Melle en Ciska Steensma fan orkest Butterfly mei. Ek sjongeressen Marjan Giesing en Loeky Westra dy’t eartiids mei De Wiko’s optreden hawwe, songen ek in oantal nûmers mei. Fierders spilen trompetblazer/saksofonist Folkert Hans Tolsma en de Fryske Paul de Leeuw, Jan de Haan mei De Wiko’s ek in oantal nûmers mei. Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, Griet Wiersma en Anneke Douma lieten allegearre in eigen ferzje fan in Wiko’s nûmer hearre.

Share this page on:
Kobus Algra fan de Wiko's

De Wiko's

Moandei 30 juny stjoere we in kompilaasje fan it ôfskiedskonsert fan de Wiko's út.
(advertinsje)