De wike fan FryslânDOK fan 26 novimber 2021 21:00

Yn de útstjoering fan freed 26 novimber praat Karen Bies mei filmmakker Sébastien Segers, filmregisseur Zaïde Bil en Froukje van Wengerden, filmregisseur en organisator fan it PLONS! Film Festival.
De dokumintêres dy't útstjoerd wurde, binne 'Memre Yu', 'La Mouette' en 'The Traffic Separating Device'. 

Memre Yu
Memre Yu (42 minuten) betsjut: 'Ik herinner me' en giet oer in hûs yn Suriname. Hast 50 jier lyn waard it hûs yn Paramaribo achterlitten troch de bewenners: de beppe fan regisseur Zaïde Bil, doe't sy mei har bern fan Suriname nei Nederlân ferhuze. Zaïde freget har famylje nei harren oantinkens oan it hûs en it libben dêr. Ek spilet de fraach wat der no mei it fertutearze hûs gebeure moat. Ferkeapje, of hâlde?

La Mouette 
Yn La Mouette (30 minuten) beskriuwt in kapiteinsfrou har libben, wylst har man fier fuort is op see. It ferhaal wurdt ferteld mei deiboekfragminten fan de frou, foarlêzen troch har dochter. Filmmakker Sébastien Segers fertelt mei it ferhaal in belangryk part fan syn famyljeskiednis. Tagelyk giet dizze film oer de seelju op in modern kontainerskip.

The Traffic Separating Device
The Traffic Separating Device (20 minuten). Hoe't in maatregel om auto's tsjin te hâlden yn Stockholm - in ferkearsskiedingsapparaat - it ferkear yn 'e war skopt, en dochs ek de minsken by elkoar bringt. In humoristyske film fan Johan Palmgren.

De Wike fan FryslânDOK

FryslânDOK stjoert dizze wike in tal moaie en bysûndere dokumintêres út binnen- en bûtenlân út.
(Advertinsje)