De wike fan FryslânDOK fan 25 novimber 2021 21:00

Yn de útstjoering fan 25 novimber praat Karen Bies mei Aussie Aukes, dy't kenner is fan Ierske muzyk, en mei filmregisseur Marlies Smeenge. 
De dokumintêres dy't útstjoerd wurde, binne 'Farewell to music' en 'Traag naar de hemel'. 
 

Farewell to music 
Farewell to Music (52 minuten) fertelt it libbensferhaal fan Tony MacMahon, ien fan de bekendste tradisjonele muzikanten fan Ierlân. Hy krijt de sykte fan Parkinson, wêrtroch't er net mear op syn akkordeon spylje kin. De film is makke troch regisseur Cathál Ó Cuaig en te sjen yn Gaelic mei Ingelske ûndertiteling. Haadpersoan Tony MacMahon is op 8 oktober fan dit jier spitigernôch ferstoarn.

Traag naar de hemel 
Traag naar de hemel (30 minuten) is de film wêrmei't regisseur Marlies Smeenge ôfstudearre oan de Filmakademy. Sy folget yn in Belgysk kleaster de lêste susters Norbertienen: Benedicta, Bernadette en Norberta en harren hûntsje Skippy, Dy riede har ta op it Krystfeest, wannear't se famylje en freonen ûntfange. In licht, noflik en sa no en dan komysk portret wêryn't tagelyk de fraach spilet wat de takomst fan it kleaster is.

De Wike fan FryslânDOK

FryslânDOK stjoert dizze wike in tal moaie en bysûndere dokumintêres út binnen- en bûtenlân út.
(Advertinsje)