De wike fan FryslânDOK fan 24 novimber 2021 21:00

Yn de útstjoering fan 24 novimber praat Karen Bies mei filmregisseur Pieter-Rim de Kroon en mei Annet Huisman, programmamakker fan FryslânDOK.
De dokumintêres dy't útstjoerd wurde, binne 'No crying at the dinnertable' en 'Ma rue couche-toi là'. Dêrneist wurde der fragminten besjoen fan 'Silence of the tides'.
 

No crying at the dinner table 
No crying at the dinner table (15 minuten) is fan de Kanadeesk-Fjetnameeske filmmakker Carol Nguyen. Se ynterviewt har eigen famylje, los fan elkoar. Se fertelle har harren geheimen en fertriet, dingen dêr't se noait oer prate koene. As Nguyen de trije minsken by elkoar set oan tafel en de ynterviews hearre lit, komme de emoasjes wól nei boppen.

Ma rue couche-toi là
Ma rue couche-toi là (46 minuten) fan Léa Zilber is in filmysk portret fan de bewenners fan in strjitte yn Brussel. Haadpersoan is de wykagint, dy't mei elkenien yn goed kontakt stiet. In leafdefolle film, mei in spesjale foarmjouwing fan yllustraasjes.

Silence of the tides
Silence of the tides giet oer it Waadgebiet, de natuer en de minsken dy't der wenje en wurkje. De film fan Pieter-Rim de Kroon hie syn Fryske premjêre op it Noordelijk Film Festival.

Yn dizze film is it Waad, fan Noard-Hollân oant Denemarken, ien grut, libjend, azemjend organisme. Eb en floed binne fan fitaal belang foar de floara, fauna en de minske. De Kroon filmet 'the silence of the tides', dy't faak trochbrutsen wurdt troch leven fan stoarm, fiskersboaten en strieljagers. Fan 9 desimber ôf is de film te sjen yn de Nederlânske bioskopen.

De Wike fan FryslânDOK

FryslânDOK stjoert dizze wike in tal moaie en bysûndere dokumintêres út binnen- en bûtenlân út.
(Advertinsje)