De wike fan FryslânDOK fan 23 novimber 2021 21:00

Yn de útstjoering fan 23 novimber praat Karen Bies mei Adwin de Kluyver, filmprogrammeur by Podium Vlieland, en mei Piter Tjeerdsma, filmmakker en einredakteur by FryslânDOK. 
De dokumintêres dy't útstjoerd wurde, binne 'Puberty' en 'Déconnectés'. 

Puberty 
De film Puberty (28 minuten) giet oer in frou mei fjouwer bern. Se is in ferneamd ferloskundige yn Moskou, krekt skieden en wol graach in freon. Bern en mem helpe elkoar harren steande te hâlden yn dizze drege tiid. Net allinnich de bern binne yn de pubertiid, mem ek. Se ferlange nei leafde en seks.

Regisseur Elena Kondreteva hat har haadpersoan Inna yn Moskou kennen leard, doe't Inna har ferloskundige wie. In pear jier letter treft se Inna wer. Omdat de 'ôfstân' no wat grutter is, doart Elena it oan om in film oer har te meitsjen. It is har ôfstudearfilm oan de Filmakademy fan Moskou.
 

Déconnectés
Yn de film Déconnectés (52 minuten) wurdt it doarpke Brûly, it doarp dêr't regisseur Valéry Mahy opgroeid is, wreed midstroch snien troch de oanlis fan in grutte dyk E420 tusken Charleroi en Nijvel. Wat betsjut dit foar de bewenners, foar it lânskip en de natoer?

It is net allinnich in film oer de slachtoffers, mar ek oer de minsken dy't meibouwe oan it projekt. Regisseur Mahy freget him mei dizze film ôf oft minsk en natoer harren ferbining kwyt binne: 'disconnected' (déconnectés). Valéry Mahy wurket as sjoernalist by de Frânsktalige omrop RTBF.

De Wike fan FryslânDOK

FryslânDOK stjoert dizze wike in tal moaie en bysûndere dokumintêres út binnen- en bûtenlân út.
(Advertinsje)