De ÚTFLECHT fan 6 desimber 2014 18:15

Yn dizze ôflevering binne se op syk nei wapens, om de buskaping slagje te litten. As krekt net? Denise, Kevin en Lieske binne it der net oer iens. Yntusken is it foar Denise thús hieltyd minder goed út te hâlden. By har heit hoecht se net oan te kommen, dy hat gjin inkeld begryp foar har. En moarn is it in jier lyn dat mem stoarn is. It falt Denise net maklik om alles op in rychje te hâlden.

Share this page on:

De ÚTFLECHT

Hoefier wolst gean om te fjochtsjen foar dyn frijheid, dyn idealen?
(advertinsje)