De toan fan Joana Duarte: "Untspanning?"

"Ik haw in maraton fan online kolleezjes en in triatlon fan digitale oerlizzen efter de rêch. Ik bin de Iron Man fan de online platfoarms om te presintearjen, te oerlizzen of bestannen mei elkoar te dielen. Lang leve Teams, Zoom, Google Meet en Webex! Ik seach de man fan in kollega yn syn ûnderguod, ik seach katten, hûnen, en hobbykeamers mei net te identifisearjen objekten, as wiene it martelkeamers. It is, om koart te gean, tiid foar fakânsje en ûntspanning..."

De toan fan fan 'e moarn

Yn ‘De toan fan fan ’e moarn’ litte de fiif kollumnisten fan it radioprogramma Fryslân fan ’e moarn har alle dagen fan de wurkwike hearre. Har kollums binne op Spotify as podcast te beharkjen.
(Advertinsje)