De toan fan Joana Duarte: ''Subjektive waarnimming fan it Nederlânske waar''

Dizze wike wie it dan dochs einliks hast echt even simmer yn Fryslân. De fraach is fansels oft it oant dizze wike überhaupt wol simmer west hat. Foar it objektive waarberjocht, en it beänderjen fan de fraach oft dizze simmer wier sa min west hat yn fergeliking mei oare Fryske simmers, moatte wy fansels by ús meteorologen wêze, de Piet Paulusma's en de Gerrit Hiemstra's fan dizze wrâld. Hoe't it waar waarnommen wurdt, hoe't it belibbe wurdt, dat is in hiel oare kwestje. 

De toan fan fan 'e moarn

Yn ‘De toan fan fan ’e moarn’ litte de fiif kollumnisten fan it radioprogramma Fryslân fan ’e moarn har alle dagen fan de wurkwike hearre. Har kollums binne op Spotify as podcast te beharkjen.
(Advertinsje)