De toan fan Joana Duarte: "Op sa'n fyts"

"De ultime fyts-challenge foar my is fytse yn in stoarm; minsken hjir dogge dat skynber sûnder muoite, komme mei op syn heechst in pear tûkjes yn it hier oan. Myn ynboargeringsproses op it mêd fan fytsen is noch fiere fan folslein; sûnt ik hjir wenje haw ik op 'e fyts al hiel wat ûngelokken feroarsake en minsken lilk makke mei myn fytskaprioalen. Mar as jim sa'n earme bûtenlanner op 'e fyts sjogge, wês dan asjebleaft genedich. De measten fan ús sille nea jim nivo fan fytsfeardigens berikke, mar wy dogge ús bêst!"

De toan fan fan 'e moarn

Yn ‘De toan fan fan ’e moarn’ litte de fiif kollumnisten fan it radioprogramma Fryslân fan ’e moarn har alle dagen fan de wurkwike hearre. Har kollums binne op Spotify as podcast te beharkjen.
(Advertinsje)