De toan fan Joana Duarte: ''Linguistic landscape''

Wa't yn Ljouwert op strjitte rint, moat gelok hawwe om ien fan de trije persint kommersjele uteringen yn it Frysk tsjin te kommen. Ut it taallânskip fan de provinsje docht net bot bliken dat it Frysk in offisjele bestjoerstaal is dy't troch in mearderheid fan de Friezen praat wurdt. Myn bûtenlânske studinten sizze faak dat sy teloarsteld binne oer de sichtberens fan it Frysk. Learlingen yn it fuortset ûnderwiis, wat har taaleftergrûn ek is, fine dat it Frysk in better plak fertsjinnet yn it 'linguistic landscape' fan ús provinsje.

Fryslân fan 'e moarn

Nijs, sport, waar en muzyk binne alle wurkdagen de wichtichste yngrediïnten fan Fryslân fan 'e moarn.
Presintaasje: 
Jacob Stelwagen & Jantine Weidenaar
(Advertinsje)