De toan fan Joana Duarte: "Fakânsje fan de fakânsje"

"Myn foarige kolumn slute ik ôf mei in cliffhanger: wy wiene op fakânsje yn Tailân en in grutte Saûdyske húshâlding wie op ús boatreis nei de Koh Phi Phi eilannen te wetter rekke. De Saûdys koene net swimme en rekken troch de streaming hieltyd fierder fan de boat. De froulju yn har bûrkiny's moasten troch myn soan en my rêden wurde. "You need to save all these women! We're not allowed to touch them! Your son can help; he still can!", hiene de oare leden fan de snorkelgroep ús taroppen."

De toan fan fan 'e moarn

Yn ‘De toan fan fan ’e moarn’ litte de fiif kollumnisten fan it radioprogramma Fryslân fan ’e moarn har alle dagen fan de wurkwike hearre. Har kollums binne op Spotify as podcast te beharkjen.
(Advertinsje)