De Toan fan Joana Duarte: Eigen folk?

"Fan it simmer rûn ik Farid op 'e Alde Biltdyk tsjin it liif - ik brûk in oare namme om redenen fan privacy. Farid is 19 jier, wennet in goed heal jier yn it AZC fan St. Anne, is berne yn Syrië en praat geweldich goed Ingelsk. Farid socht wurk by in boer. Ik haw him dêrby holpen en wy hawwe de hiele simmer kontakt hâlden. Hy bemiddele tusken de boer en oare jonges út it AZC. In tûke, geweldich leuke jongeman. Hawwe wy op 'e hegeskoalle noch ferlet fan in sprekker/fertaler Arabysk? Of kinne wy Farid noch earne oars foar ynsette?" 

De toan fan fan 'e moarn

Yn ‘De toan fan fan ’e moarn’ litte de fiif kollumnisten fan it radioprogramma Fryslân fan ’e moarn har alle dagen fan de wurkwike hearre. Har kollums binne op Spotify as podcast te beharkjen.
(Advertinsje)