De toan fan Joana Duarte: Bôle-iters

Hjoed wol ik it oer de Fryske bôlekultuer hawwe. Hast elkenien bringt bôle fan thús mei nei it wurk. Ast mei kollega's dochs earne te lunsjen giest, dan bestelle sy wer bôle! Yn in besykjen om ús de Fryske bôlekultuer eigen te meitsjen, bekommentariearje myn bûtenlânske kollega's en studinten en ik faak bôle-iters. De ôfrûne jierren hat ús bôle-analyzegroep in bôle-iterstypology ûntwikkele, dy't wy jim hjoed presintearje: de wrâldpremjêre!

De toan fan fan 'e moarn

Yn ‘De toan fan fan ’e moarn’ litte de fiif kollumnisten fan it radioprogramma Fryslân fan ’e moarn har alle dagen fan de wurkwike hearre. Har kollums binne op Spotify as podcast te beharkjen.
(Advertinsje)