De toan fan Froukje Sijtsma: "Yn slow motion op Skylge"

"En doe wie hy dêr. It irritante stimke yn myn efterholle dat my derop wiisde dat it tiid wie om it bûsboekje der mar wer ris by te pakken; in oersjoch te meitsjen fan hokker wurksumheden der wer yn gong set wurde moasten. Mar... ik hie gjin sin. Totaal gjin sin om de simmer ôf te sluten, om't it troch it wiete waar noch net hielendal as in echte simmer field hie."

De toan fan fan 'e moarn

Yn ‘De toan fan fan ’e moarn’ litte de fiif kollumnisten fan it radioprogramma Fryslân fan ’e moarn har alle dagen fan de wurkwike hearre. Har kollums binne op Spotify as podcast te beharkjen.
(Advertinsje)