De toan fan Froukje Sijtsma: "Op hûzedate mei Marrit"

"Marrit reart troch har munttee en seit semyserieus: "Ik betrape mysels der lêsten op dat ik by it lêzen fan de krante de rou-advertinsjes wol hiel sekeuer bestudearre. It koe ommers ek in leech hûs opsmite. Ferskriklik dochs?" Marrit har eagen fonkjelje gelokkich noch wol, want se leaut noch altyd yn echte leafde. En dêrom de oprop: hokker hûseigener yn in leuk Frysk doarp wol mei Marrit en har famylje op hûzedate?"

De toan fan fan 'e moarn

Yn ‘De toan fan fan ’e moarn’ litte de fiif kollumnisten fan it radioprogramma Fryslân fan ’e moarn har alle dagen fan de wurkwike hearre. Har kollums binne op Spotify as podcast te beharkjen.
(Advertinsje)