By de streek del yn Skarsterbrêge

Yn ús searje by de streek del - ús reis fan Starum nei Surhústerfean - binne we nei Sint Nyk yn Skarsterbrêge bedarre. Lykas Sint Nyk is ek Skarsterbrêge in doarp mei eigen wurkgelegenheid. It suvelfabryk yn it doarp is no 101 jier âld. It fabryk wie lang ûnderdiel fan Nestlé, mar is no ûnderdiel fan it Nederlânske suvelbedriuw Vreugenhil. Doe't Nestlé it fabryk tichtgie en Vreugenhil begûn belibbe it fabryk in pear meagere jierren, mar it giet no wer goed mei it fabryk. Dat seit Hindrik Negerman. En dy kin it wite, want hy wurket dêr al in moai skoft:

Wurknimmer Hindrik Negerman fan it suvelfabryk

Fabryksdirekteur Wouter Meijel

Share this page on:
Omrop Fryslân Aktueel

Omrop Fryslân Aktueel

Omrop Fryslân Aktueel wie it nijsprogramma op de radio. Alle wurkdagen mei trije nijsútstjoerings tusken 06:00-09:00, 12:00-14:00 en 16:00-18:00 brocht Omrop Fryslân jo op 'e hichte fan al it wichtige nijs yn Fryslân. Op sneon wiene der nijsprogramma's fan 08:00 oant 09:00 oere en fan 12:00 oant 13:00 oere; op sneintemoarn wiene der nijsbulletins op it hiele oere.
(advertinsje)