De Stormruiter fan 26 desimber 2018 18:10

Grut oankundige binnen Ljouwert-Fryslân 2018: de teäterfoarstelling De Stormruiter. Dat waard mear as wiermakke: de útfiering wie grut. It teäterstik fan regisseur Jos Thie wie folslein útferkocht. Mar goed nijs foar wa't it mist hat of nochris sjen wol, mei de krystdagen is it te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

Foar de registraasje fan de Stormruiter waarden acht kamera's yn de teäterarena pleatst, dy't de foarstelling twa kear opnommen hawwe. Mei de úteinlik 16 opnamebannen begûn dêrnei in 'monstermontaazjeklus'. It resultaat sjochst dizze krystdagen yn twa dielen by Omrop Fryslân: earste krystdei fan 17.00 oere ôf en twadde krystdei fan 18.15 oere ôf.

De Stormruiter op dvd:
De Stormruiter komt ek op dvd út. Dy is te keap by de Hynstekeuring 2019 yn it WTC Expo yn Ljouwert en fan 1 febrewaris 2019 ôf yn de webshop fan it KFPS.

De Stormruiter

It hynsteteäterspektakel De Stormruiter yn twa dielen by Omrop Fryslân op TV.
(advertinsje)