De Sterke Yerke III #3 Fan in fersûpte kat en oare aventoeren

As de Sterke Yerke Ingelân achter har litten hat, nimme se ôfskied fan it folchskip de Blue Stone. De Yerke moat it no op eigen krêft dwaan en dat giet as slydjaget. Oant der op 14 septimber in swiere stoarm opstekt en de Yerke-mannen in ferlies ynkassearje moatte.... Nei dat drama fart it flot fierder rjochting de Kanaryske eilannen. It makket grutte yndruk as der ynienen in walfisk achter harren opdûkt en se binne optein as in groep dolfinen mei harren meiswimt. Troch de tsjinslach yn it begjin fan de reis én in wynstilte fan in pear dagen, driget in tekoart oan iten en se gean op rantsoen.

Sterke Yerke III

Yn 1979 stekke fjouwer jongkeardels út Fryslân mei in selsmakke flot de oseaan oer. It wurdt wrâldnijs: de tocht wurdt op de foet folge troch de nasjonale en ynternasjonale parse.
(Advertinsje)