De Sterke Yerke III #1 De reis begjint

De freoneploech fan de Sterke Yerke hat al mei in selsboud flot op de Fryske marren fearn en komt op it idee om nei Skylge te farren. As dat sûnder problemen slagget ûntstiet it idee om nei Ingelân te gean. Dat mislearret folslein, de Sterke Yerke sinkt, en de freonen bouwe in nij flot: de Sterke Yerke 2. Dêrmei slagget it wol om yn Londen oan te kommen en se wurde ûntfongen troch de Nederlânske konsul dêr. Hy opperet - as grapke - it idee om mei it flot de oseaan oer te stekken. De mannen laitsje der om, mar it siedsje is plante en trije jier letter leit der in flot dat de hege weagen fan de oseaan oan kinne moat. By de start, op 1 augustus 1979 is it striemin waar en se komme net fierder as Den Helder. Mar as it waar opknapt set de reis echt útein. No ja, echt?

Sterke Yerke III

Yn 1979 stekke fjouwer jongkeardels út Fryslân mei in selsmakke flot de oseaan oer. It wurdt wrâldnijs: de tocht wurdt op de foet folge troch de nasjonale en ynternasjonale parse.
(Advertinsje)