De Oertocht fan 7 jannewaris 2020 17:30

Oan it begjin fan it twadde seizoen wurdt midden op it Waad wurke oan it farwetter nei It Amelân. Nije 'rûten' wurde ferkend by in ûndersyk nei in mooglik nije ekstra bocht ôfsnijing fan de Reegeul foar de haven fan Nes.

Ek stappe wy oan board by de kapiteinen fan Wagenborg en Rijkswaterstaat. Sy binne by de farwetterferkoarting en sjogge nei wat de effekten binne op de fearboat tsjinstregeling.

De Oertocht

Yn De Oertocht is Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen op en efter de fearboat fan It Amelân en Skiermûntseach. Jierliks stappe tûzenen reizgers op de fearboaten fan It Amelân en Skiermûntseach. Hoe ferfolgje sy harren reis as se de oertocht makke hawwe?
(advertinsje)