De Oertocht fan 6 desimber 2017 18:45

De simmer is foarby, it waar slacht om en de earste hjerststoarm komt der wer oan. Wy binne by Dirk Aagtjes dy’t maatregels treft om’t de pier op Skiermûntseach ûnder wetter giet. Meastentiids binne dit soarte fan stoarmen yn de nacht. Mar no’t it oerdeis is litte wy ús op de pier opslute om it natoergeweld fêst te lizzen op kamera. Mei dizze wyn is it in keunst om it skip oan te lizzen. It slagget wol, mar it wetter is noch te heech om as reizger it skip te berikken.

De Oertocht

Yn De Oertocht is Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen op en efter de fearboat fan It Amelân en Skiermûntseach. Jierliks stappe tûzenen reizgers op de fearboaten fan It Amelân en Skiermûntseach. Hoe ferfolgje sy harren reis as se de oertocht makke hawwe?
(Advertinsje)