De Oertocht fan 5 novimber 2019 17:30

Doarpsomropper Jelle Woudstra

Jelle Woudstra is de doarpsomropper fan Skiermûntseach, hy hat no al syn eigen monumint op de pier fan it eilân.. Hy sit ek by de brânwacht en is fiere famylje fan de famylje Stachouwer dy't oant de 19e iuw eigener wie fan it eilân. We rinne in dei mei him mei.

De Oertocht

Yn De Oertocht is Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen op en efter de fearboat fan It Amelân en Skiermûntseach. Jierliks stappe tûzenen reizgers op de fearboaten fan It Amelân en Skiermûntseach. Hoe ferfolgje sy harren reis as se de oertocht makke hawwe?
(advertinsje)