De Oertocht fan 4 oktober 2017 18:45

Yn Nes wurdt de nije autobrêge reparearre troch Rykswettersteat. We krije antwurd op de fraach wat der mis gie dizze simmer. Op Skiermûntseach wurdt it 60-jierrich jubileum koaren en korpsen festival fierd. Der komme sa'n 28 muzykkorpsen en 22 koaren nei it eilân. Dêrom wurdt in ekstra skip en mankrêft ynset. En we folgje de bou fan in nije fearboat dy’t Wagenborg bouwe lit om de fertragingen nei It Amelân oan te pakken.

De Oertocht

Yn De Oertocht is Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen op en efter de fearboat fan It Amelân en Skiermûntseach. Jierliks stappe tûzenen reizgers op de fearboaten fan It Amelân en Skiermûntseach. Hoe ferfolgje sy harren reis as se de oertocht makke hawwe?
(Advertinsje)