De Oertocht fan 3 desimber 2019 17:30

Yn dizze oertocht folgje we Timo Ridder, hy wurket by it grutste transport bedriuw op It Amelân. We meitsje mei him in rûntsje oer it eilân om alle supermerken te befoarriedzjen fan iten en drinken. Je soenen it hast ferjitte mar al it guod dat nei it eilân moat, giet allegearre mei de boat. Dit is yn 'e simmer in hiele grutte logistike operaasje.

De Oertocht

Yn De Oertocht is Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen op en efter de fearboat fan It Amelân en Skiermûntseach. Jierliks stappe tûzenen reizgers op de fearboaten fan It Amelân en Skiermûntseach. Hoe ferfolgje sy harren reis as se de oertocht makke hawwe?
(advertinsje)