De Oertocht fan 29 novimber 2017 18:45

    Jan Fennema wurket al fyftjin jier op de feartsjinst nei Skiermûntseach. Hy wit hast fan alle reizgers wat se dwaande hâldt. Ek binne wy yn Holwert op de dei nei it Roggefeest, want op sneontemoarn komt in hiele groep stappers mei de earste boat werom. Sy hawwe de nacht trochhelle...

    De Oertocht

    Yn De Oertocht is Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen op en efter de fearboat fan It Amelân en Skiermûntseach. Wêr geane de passazjiers hinne en hoe sjocht in wurkdei fan bygelyks de kapitein derút? Dit programma is earder útstjoerd yn 'e hjerst fan 2017.
    (advertinsje)